Henk Nijp

Harsenskrabje

logo.ensafh

We stiene noch mar in blauwe moandei mei de caravan op it wenstige seizoensplakje by ús bolleboer yn Noard-Hollân, mar it moaie waar liet noch op him wachtsje. It ûnbidige fjild mei titelroaskes foar de doar stie der lykwols noch hieltyd prachtich by. Wy hiene ornearre dat de foartinte noch wol even yn ’e banken bliuwe koe. Wy soene it noch wol efkes sûnder rêde, yn ’e caravan koene wy ek wol út ’e fuotten. Mienden wy. Mar nei in pear dagen waard it lykwols wat krap en rûnen wy inoar soms dochs wat te folle yn it paad. Dat doe’t it waar wat opknapte en de wyn ek net al te folle mear byspile moast it mar wêze. … Lês fierder

Duo von Däniken

Berend Folkertsma: Fragmint út de 45e symfony

logo.ensafh

De muzikologen Freark Annema en Walter Cornelius hawwe mei tastimming fan de neiste famylje yn de neilittenskip fan de yn 2009 ferstoarne komponist Berend Folkertsma socht om ûnbekend wurk.

Yn in jiskepûde fol mei papieren en lege wynflessen fûnen se in koart fragmint fan Folkertsma syn 45e symfony.

It is in oangripend stik muzyk. It fragmint wurdt útfierd troch leden fan it Symfoanysk Ensemble Euphoria út Dronryp.

Klik op Folkertsma syn portret foar de muzyk.

Lês fierder

Gabriëlle Terpstra

Dichter Hindirk Hannema ferstoarn

logo.ensafh

Dichter, ‘zijne meerendeels meesterlijke majesteit’ Hindirk Hannema is ferline wike ferstoarn op syn 33e.
Ik learde Hindirk kennen by Ixta Noa, in ynrinhûs dêr’t wy beide kamen.
Hindirk wie in grappige ferskining dy’t faak op freed efkes delkaam, dan hie er in pear liter rauwe molke op ’e merk kocht by Leen út Jouswier.
Hindirk hâlde fan sporten, hy die yn dy tiid oan Gladiatortraining en karate by Robert Akse en dêrfoar moast er fansels goed om syn iten tinke. Dat iten wie ek in ynspiraasjeboarne foar syn poëzy. It makke him lilk dat der safolle net sûn iten wie.

Hindirk brocht my op in stuit yn ’e kunde mei poëzy.… Lês fierder

Anne Feddema

Mindfuck op myn atelier

logo.ensafh

‘Tafal bestiet net. In doar kin ta falle. Dat is gjin tafal, mar mear in bewuste ûnderfining fan ’e doar. Yn begjinsel bestiet der gjin tafal.’ Alsa skreau Kurt Schwitters yn 1919. Wat moat ik, wat moatte jimme tinke fan it no folgjende ferhaal? Hegere machten yn it spul dy’t alles neffens in foaropset plan bestjoere? Hoppetee, fuort mei de frije wil?
In pear wike ferlyn wie ik yn Kataloanje, noch foar it Sant Jordi feest fan 23 april. Yn it koart: jo jouwe immen in roas en krije in boek werom. De boarne is drakebloed en soks, sykje it mar op.… Lês fierder

Gabriëlle Terpstra

BLOEI I

logo.ensafh

Sûnt desimber wenje ik wer yn Frjentsjer, in stêd dêr’t ik ea opgroeide ta betiisde.
In stêd dêr’t ik, doe’t ik jong wie, hiel graach wei woe.
Ik hie in grutte winsk om fuort te rinnen. Dit fuortrinnen wie foar my de ultime fantasij.
Ik soe dan nei it bûtenlân gean. Gjin idee wat ik dêr dwaan soe, want ik hie fierder net folle ambysjes, útsein fuortrinne. Dat wie dan ek it belangrykste.
Op in stuit hie ik fia it ynternet sels in pedofyl, dy’t sabeare yn Amearika wenne, safier krigen om my oerfleane te litten. Myn nicht mocht ek mei, dy woe nammentlik ek altyd fuortrinne.… Lês fierder

Piter Boersma

yn ’e achtertún

logo.ensafh

 

 

 

de achtertún is hielendal ynsletten
troch trije stiennen hokken fan ’e buorlju
troch ús eigen stiennen hok en garaazje
en by einsluten troch twa houten sketten
lokkigernôch allegear platte dakken
it himelferwulft spant der breedút boppe
de helte fan ’e grûn is betegele
in stiennige wrâld is it hjir achterhûs
mar fjouwer blomperkjes en in strypke gers
twa rjochtoppe japanske kersen yn bloei
wielderich en ryk fan ’t jier as nea earder
protsjend wytrôze jonggrien blêd dertusken
yn it kleare ljocht twa langstâlige pearse tulpen
en noch fjouwer rôze mei franjerânen
tsjin ’e noardmuorre folút in peaskeblom
út ’e rozet wei op wol njoggen stâlen
skerms mei likernôch tweintich giele blomkes
mar ik kin my min oerjaan oan ’e sinne
yn myn holle in wrâld wreed en yn ûnstjoer
tsjin it sket lykwols yn it ivige skaad
maitiidssinneblommen en blauwe drúfkes
út alle macht ek oan myn eagen lûke

PB… Lês fierder

Jemke Visser

Fakânsjes (1) ‘Kastely’

logo.ensafh

‘En … wêr sille we no ris hinne’ hat west. Ik wit noch skoan hoe’t elts foarjier yn it teken stie fan wer oer de grins. Earst mei bern en hûn yn ’e auto, karke en tinten op ’e strún nei aardige, wat smûkere, lytsere campinkjes.
Om it hiele D-Day barren te besjen bedarren we in kear op in wol hiel provisoarysk campinkje by in boerespultsje fuort by Omaha Beach. Ien lyts toilethokje wie der mar. De boer yn wurkersklean, mei pet, snor en in bongeljend sjekje yn ’e hoeke fan ’e mûle kaam eltse moarn lâns yn syn ratteljend 2 CV’tsje om it jild op te heljen.… Lês fierder